Gjin karmerken mear foar Fryske sikehuzen

De Fryske sikehuzen sjogge tenei kritysk nei alderhande karmerken dy't sikehuzen krije kinne foar medyske soarch. It kostet har in hiel soad tiid om de ynformaasje oan te leverjen op grûn wêrfan't de sikehuzen in karmerk krije kinne. Boppedat binne der in hiel soad karmerken, lintsjes, smileys en plommen. En dêr moat bytiden ek noch foar betelle wurde.
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen hat sein dat ein takom jier it tal karmerken mei de helte werombrocht wêze moat. De Fryske sikehuzen binne it dêr mei iens. Se bliuwe likegoed transparant oer de kwaliteit. Mar dat kin ek op oare manieren as mei in karmerk. De sikehuzen binne bygelyks allegear oansletten op ziekenhuischeck.nl, in platfoarm wêrop't se rapportearje oer de kwaliteit fan de soarch dy't se leverje.
Wurdfierder Frits Mostert fan it MCL