Plysje set scooterrider sûnder rydbewiis en rappe snorskooters oan de kant

01 nov 2018 - 15:16

In 30-jierrige scooterrider is woansdei op de Willemskade yn Ljouwert foar de fjirde kear oanhâlden om't hy gjin rydbewiis hat. De man krige in proses-ferbaal en syn scooter is yn beslach naam.

Scooter - Foto: Shutterstock.com

Twa bestjoerders fan in snorscooter waarden woansdeitejûn op de Aldlânsdyk oan de kant set. De snorscooters koene mei 46 en 56 kilometer folle hurder ride as tastien is. Op ien fan de scooters siet in knop om de begrinzer út te skeakeljen. De 17-jierrige bestjoerders krigen beiden in proses-ferbaal.

(advertinsje)