Sander Arends nei heale finale by challenger yn Eckental

Tennisser Sander Arends hat mei syn dûbelmaat Romain Arneodo de heale finale berikt fan it challengertoernoai yn it Dútske Eckental. Tsjin de Slowaaks-Dútske kombinaasje Polasek/Begemann waard it 4-6 6-3 en 10-5. Yn de heale finale binne de Frânsman Hugo Nys en de Brit Jonny O'Mara de tsjinstanner. Dat koppel is as twadde pleatst yn Eckental.
Sander Arends © www.orange-pictures.nl
Sander Arends is titelferdigener yn Eckental. Ferline jier pakte hy mei de Tsjech Roman Jebavy de titel. Yn de finale wiene sy doe mei 6-2 en 6-4 fiersten te sterk foar de bruorren Skupski út Ingelân.

Fuortsakke op de wrâldranglist

Op 16 july fan dit jier stie Arends noch op it 55e plak fan de wrâldranglist. Dat wie nei't hy op Wimbledon de twadde ronde helle hie. Dêrnei moast hy op syk nei in nije dûbelmaat. Hy besocht it efkes mei syn âlde maat Antonio Sancic, maar kaam úteinlik út by Romain Arneodo út Monaco. Arneodo is op dit stuit de nûmer 90 fan de wrâld, Arends de nûmer 82.
It challengertoernoai yn Eckental is it fiifde toernoai dat Arends en Arneodo tegearre spylje. Allinnich yn Orléans (heale finale) en Brest (twadde ronde) kamen se fierder dan de earste ronde.
Arends hat de kommende wiken in soad punten te ferdigenjen. Neist de titel yn Eckental pakte hy ferline jier ek de einoerwinning yn Brescia. Fierder helle hy noch de finale yn Bratislava en Andria.
By mindere risseltaten yn dyselde toernoaien dit jier bestiet de kâns dat Arends foar de ein fan dit jier noch wat plakjes ynleverje moat op de wrâldranglist.