Asylsikers yn Smellingerlân oan de slach as tolk

01 nov 2018 - 14:24

Asylsikers en statushâlders dy't goed Nederlânsk en Ingelsk prate, kinne tenei yn Drachten oan de slach as tolk foar minsken dy't ús taal noch net goed machtich binne. De gemeente, Flechtlingewurk, it COA en de Maatschappelijke Onderneming Smallingerland binne in proef begûn mei in Tolkenpool.

Foto: ANP

Boargers en ynstânsjes yn de gemeente Smellingerlân kinne gebrûk meitsje fan dizze Tolkenpool. Mei de pool moat de drompel foar asylsikers en statushâlders om Nederlânsk te praten in stik leger wurde. Frijwilligers kinne helpe by petearen op skoalle as sportferiening. De proef duorret in healjier. Dêrnei wurdt sjoen oft it in ferfolch krijt.

(advertinsje)