Fleanbasis Ljouwert moat folle earder eigen spuitkabine krije

It is ûnbesteanber dat it twa jier duorje moat foar't de fleanbasis yn Ljouwert in eigen spuitkabine kriget foar it farvjen fan de fleantugen. GrienLinks Twadde Keamerlid Isabelle Diks wol opheldering hawwe oer wêrom't soks sa lang duorje moat.
© ANP
De âlde spuitkabine op de Ljouwerter fleanbasis is ticht. Dy foldocht net oan de easken. Sa kin der net feilich wurke wurde mei farve dêr't Chroom-6 yn sit. Dy farve is skealik foar de sûnens fan de meiwurkers. At je it binnekrije, kin it kanker feroarsaakje.

Keamer yn petear mei belutsenen

Yn de Twadde Keamer praat de fêste Keamerkommisje fan Definsje tongersdei oer it brûken fan Chroom-6. De farve mei de groomferbining foarkomt rust by ferfiermiddels en fleantugen. Yn in rûntetafelpetear wurde slachtoffers en oare belutsenen heard.
Fan 2014 ôf kamen der hieltyd mear klachten binnen fan (âld-)meiwurkers fan Definsje dy't sûnensproblemen hiene. In jier letter is in grut ûndersyk starten mei as doel út te finen wat de skealike gefolgen binne fan it wurkjen mei dat soarte fan farve.
© ANP

Yn 70'er jierren al dúdlik dat Chroom-6 gefaarlik is

Dúdlik waard dat al yn de jierren 70 bekend wie dat yn dat soarte fan farve stoffen sitte dy't skealik binne foar de sûnens. Meiwurkers en oare arbotsjinsten binne dêr net oer ynformearre troch Definsje, wylst it al yn guon ynterne dokuminten neamd waard.
Oant mids-jierren 90 wiene de wurkplakken net feilich. Definsje hat al tajûn dat se dêr tekoartsjitten binne en hat ferûntskuldigings oanbean.
Der binne net fuort alternativen, sa stelt Definsje. Dochs wurdt dêr oan twivele. Sa soene lannen as België en Noarwegen al farve brûke sûnder de gefaarlike groomferbining.

Diks wol Definsje ûnder tafersjoch pleatse

Troch alle problemen op it mêd fan feiligens stelt Diks foar Definsje ûnder tafersjoch te stellen. Der binne neffens har tefolle saken ferkeard gien de ôfrûne tiid: "Kijk naar de ratten in de kazerne bijvoorbeeld. Of de winterkleding. Er gaat gewoon veel fout."
Meiwurkers fan Definsje binne poer. Sy litte fia ûnder oare Twitter witte dat dit no krekt it gefolch is fan 30 jier lang besunigje.