Boargemaster Crone lit lanlike proef mei himpteelt sjitte

01 nov 2018 - 13:56

Ljouwert docht net mei oan de lanlike proef mei de kweek en ferkeap fan kannabis. Neffens boargemaster Crone smite de betingsten dy't it Ryk oan de proef ferbynt te folle beswieren op foar de gemeente. Earder hie Crone him krekt hiel optein oer it inisjatyf toand en him as proefgemeente oanmeld. Ek Smellingerlân liet dêrop witte as gadingmakker yn de race te wêzen.

Foto: Public Domain Pictures

Crone hat nei oerlis mei de coffeeshophâlders yn de Fryske haadstêd no witte litten definityf ôf te heakjen. It feit dat alle coffeeshops ferplichte oan it eksperimint meidwaan moatte, stjit op te folle beswieren. Boppedat soene de shops dan noch mar in beheind tal soarten marihuana ferkeapje meie.

Neffens de coffeeshophâlders soe dêrtroch de yllegale hannel op strjitte krekt tanimme foar oare soarten dêr't no in soad fraach nei is. Ek de gemeente Smellingerlân sil net mear meiwurkje oan it lanlike eksperimint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)