Rjochtsaak tsjin Thialf-skutter oanhâlden

01 nov 2018 - 12:47

De rjochtsaak oer it sjitynsidint by it iisstadion Thialf, op 7 jannewaris ferline jier op it parkearterrein fan it stadion is oanhâlden. Neffens de ferdigening moast de saak net-ûntfanklik ferklearre wurde. De saak begûn al mei in oere fertraging, om't de lûdsynstallaasje net op oarder wie.

Sjitpartij by Thialf - Foto: Camjo Media

Direkteur Bert Jonker fan yngenieursburo Clafis rekke by it ynsidint ferwûne oan 'e hân. De 58-jierrige fertochte waard letter oanholden yn Spanje. Yn april fan dit jier koe de saak net fierder, om't der opnij in rjochtshelpfersyk yntsjinne wurde moast yn Spanje.

Meardere kearen ûnderbrutsen

Slachtoffer Bert Jonker wie oanwêzich by de rjochtsaak. De fertochte moast foarkomme foar besykjen ta moard en foar bedriging en ôfparsing. Advokaat Tim Vis fan de ferdachte fûn dat syn kliïnt net ferfolge wurde mocht, om't net neffens de Oerleveringswet hannele is. De fertochte is yn july oanhâlden by Barcelona en oerlevere oan Nederlân.

Neffens de advokaat moat Spanje tastimming jaan oan it Iepenbier Ministearje om te ferfolgjen, mar dat is net dúdlik oft dat bard is. "Het is niet vast te stellen", seit Vis. De saak waard tydlik stillein.

Bert Jonker - Foto: Omrop Fryslân

"Heel vervelend deze vertraging."

Nei it skoft gie de saak fierder. Advokaat Anker fan Bert Jonker fynt it teloarstellend. "We hebben te maken met een slachtoffer dat speciaal voor deze zaak uit Amerika is gekomen. Hij lijdt eronder dat de zaak alweer niet wordt behandeld", sei Anker. Offisier fan justysje Jepkema bea syn ferûntskuldigings oan. "Heel vervelend deze vertraging."

Wannear't de saak wer fierdergiet, is noch net bekend.

Rjochtsaak tsjin Thialf-skutter oanhâlden

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust yn petear mei de advokaat fan de fertochte en mei de advokaat fan Jonker

(Advertinsje)
(Advertinsje)