Mei ik wol nei myn sike mem? GGD komt mei telefoanysk meldpunt oer resistinte baktearjes

01 nov 2018 - 12:15

Der is fan 1 novimber ôf in ynformaasjepunt oer de saneamde Bijzondere Resistente Micro Organismes, wêrfan't de MRSA-baktearje it bekendst is. Dizze BRMO's binne baktearjes dy't resistint wurden binne foar antibioatika. Ynfeksjes binne dertroch dreech te behanneljen.

MRSA baktearje - Foto: ANP

De minsken dy't de baktearje hawwe en helpferlieners sitte wol gauris mei fragen. De ûnwissens oer de baktearjes en de behanneling derfan liede somtiden sels ta ûnrêst. Dêrom hawwe de noardlike GGD's, laboratoaria en spesjalisten in telefoanysk ynformaasjepunt ynsteld.

Mei ik wol nei myn sike mem?

Minsken komme soms mei hiel simpele fragen, seit Jolanda Wiersinga fan de GGD Fryslân yn it radioprogramma Weistra op Wei fan Omrop Fryslân. Fragen lykas 'Mei ik wol nei in sportklup, in koar of op besite by in siik famyljelid? Benammen omdat yn de sikehuzen maatregels naam wurde, tinke minsken dat se dat thús ek dwaan moatte. En dat hoecht hielendal net, seit Wiersinga.

Resistinte baktearje yn kombinaasje mei ynfeksje is gefaarlik

It tal resistinte baktearjes nimt stadichoan ta. Mar it is net sa slim dat dêrom it ynformaasjepunt yn it libben roppen is, fertelt Wiersinga. It is al folle langer sa dat minsken mei fragen sitte dêr't se net fan witte wêr't se dêrmei hinne moatte. Dan is in sintraal telefoanysk ynformaasjepunt altyd in goede saak.

Resistinte baktearjes binne net gefaarliker as de gefoelige baktearjes, seit Wiersinga fierder. Minsken fernimme der meastentiids net folle fan dat sa'n resistinte baktearje by harren hawwe. It wurdt pas gefaarlik op it momint dat minsken der in ynfeksje by krije. Dan is it folle dreger mei antibioatika te behanneljen.

Jolanda Wiersinga, fan de GGD Fryslân

It telefoanysk ynformaasjepunt oer resistinte baktearjes is fan moandei oant en mei tongersdei te berikken fan 9 oere moarns oant 5 oere middeis en op de freeds fan 9 oere moarns oant 1 oere middeis. It nûmer is 088-2299900. Maile kin ek, op info@MRSA-BRMO-informatie.nl.

(advertinsje)