Plysje bringt bewakingsbylden tsjetteldieven Feanwâlden nei bûten

01 nov 2018 - 11:41

De plysje hat bylden nei bûten brocht fan in ynbraak ein july dit jier yn Feanwâlden. Ut in kontener op it terrein fan in bedriuw binne doe 30 cv-tsjettels stellen. De stellerij is noch net oplost en dêrom bringt de plysje de bylden fan in bewakingskamera no nei bûten.

Twa manlju

Op de bylden is te sjen hoe't manlju mei bûslampen troch de bedriuwsloads skarrelje. De plysje freget minsken dy't de manlju werkenne as dy't koartlyn sjoen ha dat tsjettels fan it merk Ferroli as Intergas goedkeap oanbean waarden, om kontakt mei de plysje te sykjen.

Foto: Plysje Noard-Nederlân
(advertinsje)