Toeristen witte Ljouwert yn 2018 goed te finen, flink mear besikers

01 nov 2018 - 11:16

Troch Wendy Kennedy

It foel fansels te ferwachtsjen yn dit Kulturele Haadstêdjier, mar de VVV Ljouwert draait rekôrsifers. Der binne dit jier 85.000 minsken by de VVV binnenkommen mei fragen, foarich jier wienen dat der 40.000. En dan is it jier noch net iens om.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Fierder is der ek noch in ynformaasjepunt fan Kulturele Haadstêd sels, by it stasjon neist de fontein. Dêr hâlde se de sifers net hiel krekt by. "De skatting is ûngefear 80 prosint fan wat der oan besikers by de VVV komt", sa lit wurdfierder Johannes Keekstra witte. Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd hat as doel yn 2018 fjouwer miljoen besiten op te smiten. Yn de rin fan takom jier moat dúdlik wurde oft dit getal helle is of net. Om alfêst in bytsje in yndruk te krijen, hifke Omrop Fryslân by in tal toeristyske ûndernimmers oer hoe't dit jier foar harren ferrûn is.

Oeral grutte drokte

By de Aldehou giet it top. Foarich jier beklommen noch 28.000 minsken de 'Ljouwerter toer fan Pisa', dit jier wienen dat der goed 65.000. Ofrûne wykein wiene se foar it lêst iepen dit seizoen en dat wie in topwykein. Op de sneon wie de Aldehou ek jûns iepen yn ferbân mei de Nacht fan de Nacht. Sa'n 700 minsken besochten de toer yn it tjuster.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ek it toeristetreintsje docht goede saken. It treintsje rydt sûnt healwei 2017, doe namen se noch sa'n 1500 minsken mei. Dit jier sitte se boppe de 11.000. Eigener Jelle Visser lit witte seker troch te gean takom jier. "Ik hearde in moai ferhaal fan in frou út Eindhoven. Har buorfrou rette har oan om ris nei Ljouwert te gean en dat it treintsje it leukste fan alles wie."

Doar op slot

By it Beerenburger Museum yn Ljouwert giet bytiden de doar op slot, sa drok is it. "Dan zetten we een bordje buiten met daarop de tijd waarop we weer open gaan", fertelt Jan Thies fan it museum. It luts foarich jier 10.000 besikers en dit jier sitte se al op 22.000, mei noch in skoftke te gean. Ek toeristewinkel Priuw hat it drok. Eigeneres Hielkje van der Molen hat kwealik in dei frij hân dit jier. Foaral de priuwerij fan Fryske streekprodukten docht it goed. Foarich jier wienen der 200 belangstellenden en dit jier binne dat der al 900.

Preammen altyd fol

Neffens Max van der Velde fan de Stichting Praamvaren sieten harren fjouwer preammen hast altyd fol. Foarich jier hiene se 23.000 fargasten - dat fûnen se al in soad - dit jier mar leafst 60.000. "Op een zondag stond een keer een rij van 50 mensen een kwartier voor openingstijd bij boekhandel Van der Velde, waar de kaartjes worden verkocht. Het is ongelofelijk", sa seit Van der Velde. "Natuurlijk is het druk door Culturele Hoofdstad. Maar ook andere zaken als het mooie weer en dat Friesland hoog staat in de Lonely Planet-lijst hebben Leeuwarden goed gedaan."

Takomst

De direkteur fan VVV Ljouwert, Rinske van der Meulen, ferwachtet ek takom jier in soad drokte. "It wurdt net sa drok as 2018, mar seker wol drokker as 2017. Ik tink dat Ljouwert 'm goed op de kaart setten hat." Fierder falt der noch in soad te winnen, fynt se. Sa binne de binnenkommen mails en telefoantsjes dit jier net teld. "Dat is in learmomint foar de takomst", sa seit Van der Meulen. Ek soe der noch folle mear ynformaasje oer de toeristen achterhelle wurde kinne. "Sa kinne we noch better ynspylje op wêr't se ferlet fan hawwe."

ReOpening

It Kulturele Haadstêdjier is noch net hielendal foarby. Dizze moanne novimber brûst Ljouwert kultureel sjoen noch ien kear mei allegear aktiviteiten: de saneamde ReOpening. Op 24 novimber wurdt yn De Harmonie it stokje offisjeel oerdroegen oan de stêden Plovdiv (Bulgarije) en Matera (Italië) en op snein 25 novimber is der noch in feest by de Aldehou.

(advertinsje)