"Hûnderten skippen sille sloopt wurde troch sertifikaatregel"

01 nov 2018 - 11:10

It saneamde Certificaat van Onderzoek (CvO) treft benammen eigners fan histoaryske wen- en rekreaasjeskippen, lykas klippers en tsjalken. Neffens Lex Tichelaar moatte eigners fan dizze boaten flink ta de bûse. "Om in boat geskikt te meitsjen foar in CvO binne eigners snel 10.000 euro fierder."

Boete

Sûnder it CvO-sertifikaat meie de boaten mei yngong fan 1 jannewaris 2019 it wetter net mear op. Oars krije de skippers in boete fan 1.250 euro de kear dat se oppakt wurde. Der moatte yn koarte tiid in hiel soad boaten opknapt wurde, mar neffens Tichelaar is dêr hielendal net genôch kapasiteit foar.

"De minsken binne der net en de hellingkapasiteit ek net." De eigener fan de werf yn Harns is bang dat as gefolch fan dizze maatregel hûnderten skippen sloopt wurde sille.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Trefwurden: 
Harns skippen werf boaten CVO
(advertinsje)