Liveblog | 1 novimber 2018

LIVEBLOG: Rjochtsaak oanslach Bert Jonker

Op 7 jannewaris 2017 rekke Bert Jonker, direkteur fan yngenieursburo Clafis, ferwûne by in sjitynsidint op it parkearterrein by iisstadion Thialf.
Lêst bywurke: 1 novimber 2018, 12:14
12:07

Ferûntskuldigings

Offisier fan justysje Jepkema biedt syn ferûntskuldigings oan. "Heel vervelend deze vertraging."
12:03

Teloarstellend

Neffens advokaat Anker fan Bert Jonker is it teloarstellend. "We hebben te maken met een slachtoffer dat speciaal voor deze zaak uit Amerika is gekomen. Dat lijdt eronder dat de zaak alweer niet wordt behandeld."
11:55

Beslissing rjochtbank

De rjochtbank bepaalt dat de saak oanholden wurdt. De stikken oer de oerlevering fan de fertochte moatte earst yn besit wêze fan alle partijen. Rjochter Bert Dölle lit dúdlik witte dat hy der net bliid mei is dat it Iepenbier Ministearje de stikken net op tiid oanlevere hat. "Het is maatschappelijk volstrekt onaanvaardbaar dat de zaak vandaag niet wordt behandeld."
11:13

Wer in skorsing

Rjochtbank tinkt nei oer fersyk fan advokaat om net te ferfolgjen.
11:02

Arrestaasjebefel

De saak giet fierder. Neffens offisier fan justysje Eelco Jepkema sit it Europeeske arrestaasjebefel yn it dossier en is alles neffens de regels gien. Wat it Iepenbier Ministearje oanbelanget kin de fertochte ferfolge wurde en de saak gewoan trochgean.
10:08

Oerleveringswet

Advokaat Tim Vis fynt dat syn kliïnt net ferfolge wurde mei, om't der net neffens de oerleveringswet hannele is. De fertochte is yn july oanhâlden by Barcelona en oerlevere oan Nederlân. Neffens de advokaat moat Spanje tastimming jaan oan it Iepenbier Ministearje om te ferfolgjen, mar dat is net dúdlik. "Het is niet vast te stellen", seit Vis. Der wurdt wer skorst.