Plan foar miljoenebesuniging De Fryske Marren stuitet op krityk

01 nov 2018 - 08:46

De ûndernimmingsried fan gemeente De Fryske Marren is it net iens mei in foarnommen miljoenebesuniging. It bedrach moat bysteld wurde fan 4 miljoen ta 1 miljoen euro, seit de ried. Nei eardere besunigingen fan 9 miljoen euro hat it grutte gefolgen foar de kwaliteit fan de tsjinstferliening, sa warskôget de ûndernimmingsried yn twa brieven oan de gemeentesekretaris.

It gemeentehûs fan De Fryske Marren - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Wethâlder Jos Boerland fan De Fryske Marren

De gemeente moat in tekoart fan 3 miljoen euro op sosjaal domein fuortwurkje, trochdat der te sunich begrutte is. De measte partijen fine dat soks net op soarchtaken fan de gemeente ferhelle wurde moat.

By in debat oer de foarnommen besunigingen gie it der woansdeitejûn bytiden fûl oan ta. Wethâlder Jos Boerland hat dêr wol begryp foar. "Het gaat over mensen en als je over mensen spreekt, is dat altijd gevoelig. Dat is ook terecht, want als gemeente probeer je het zo goed mogelijk te doen voor je inwoners. Met elke euro die je te besteden hebt, probeer je het maximale te doen."

It is noch net wis oft de besunigingen ek trochgean. De gemeenteried hat it lêste wurd dêroer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)