Froulju fan Fryslân: boskwachter Anke fan Flylân

01 nov 2018 - 08:06

Der steane hiel wat stânbylden yn Fryslân, mar wol folle mear fan manlju as fan froulju. Tiid foar in ynhelslach! Yn it programma Froulju fan Fryslân, tongersdeis om 17.45 oere op TV, wurdt der socht nei seis froulju dy't wichtich binne foar de Fryske mienskip op watfoar manier dan ek. Ien fan dy froulju is boskwachter Anke Bruin fan Flylân.

Yn de ôflevering fan 1 novimber is byldhouwer Natasja by boskwachter Anke, op 'har' eilân: Flylân. As boskwachter bringt Anke har leafde foar it eilân en de natuer graach oer op de gasten. Natasja siket har op om foto's te meitsjen en de maten fan har holle op te nimmen sadat se presys wit hoe't it boarstbyld derút sjen moat.

Froulju fan Fryslân, Anke Bruin - Foto: Omrop Fryslân

Wa is Anke en troch wa is se nominearre?
Anke waard nominearre troch Martijn Janssen, in fêste gast op kampearterrein De Lange Paal fan Staatsbosbeheer. Hy neamt har ''hiel entûsjast oer de natuer en dat wurket hiel oanstekkend". Dat is net frjemd, want Anke is boskwachter op Flylân. Doe't Anke op reis wie yn Libanon waard se belle mei it boadskip dat Marleen in stânbyld fan har meitsje woe.

Anke, wat fynst derfan dat der in byld fan dy makke is?
''Hiel ferrassend, bysûnder en apart. Ik haw geregeld tocht: wat oerkomt my no? Mar ik fyn it foaral ek hiel leuk.''

Hasto it letter noch mei Martijn hân oer Froulju fan Fryslân?
''Jawis! Doe't ik Martijn nei it telefoantsje fan keunstner Marleen spruts, se hy: "wat doch ik dy oan!" Ach, ik fyn it écht net slim; krekt moai. De reaksjes fan minsken om my hinne, ek fan ûnbekende gasten op it eilân, binne allegearre hiel posityf! Ik haw in hiel soad moaie kompliminten ûntfange mocht.''

Wat stiet der op Anke har boarstbyld?
"Ik fyn it moai om meijaan te kinnen hoe't de natuer yninoar stekt. Hoe't alles mei-inoar gearhinget en hoe wichtich de natuer is."

Fan it maitiid die Omrop Fryslân de oprop om Fryske froulju dy't in stânbyld fertsjinje te nominearjen foar it projekt Froulju fan Fryslân. Ut mear as 200 nominaasjes binne seis froulju keazen dêr't in portret fan makke wurdt yn film en yn de foarm fan in boarstbyld. Froulju fan Fryslân makket diel út fan LF2018. Hokker frou is sa bysûnder, wichtich of ûnmisber dat der in echt boarstbyld fan makke wurde moat? En wêrom? Dat is alle tongersdeis te sjen om 17.45 oere by Omrop Fryslân op TV.

(advertinsje)