Kollum: "R-wurd"

01 nov 2018 - 07:21

"Dat kaam moai út. Tiisdei wie it min waar, en ek de earste dei mei min waar neidat de klok ferset is nei wintertiid. Dus ride minsken yn 'e jûnsspits ynienen yn it tsjuster. Dat waarden doemfoarspellingen foar de files op tiisdei. Dy kamen der ek, allinnich dan foaral moarns, wylst we moarns no just wer mear yn it ljocht ride mei wintertiid. Afijn, wat moai útkaam wie dat tiisdei ek de dei wie dat it Kennisinstituut voor Mobiliteitsbeleid mei in rapport oer files kaam. Ik tink dan fuortendaliks dat it saakje stjonkt, mar in protte ynfloed op it waar sil dat ynstitút no ek wer net ha.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Nijsgjirrige sifers. 2008 wie in rampjier wat files oanbelanget. It heucht my noch wol. We binne yntusken tsien jier en in krisis fierder, en de files binne werom fan nea echt fuort west. We ha der in protte asfalt by krigen yn de tuskenlizzende jierren - ryksynfrastruktuer wie in tankbere ôfnimmer yn de bou yn de krisis - mar we ha der ek in miljoen auto's by krigen. In miljoen! 8,3 miljoen auto's binne der no.

Foaral it oantal bestelbuskes nimt ta, yn dizze tiid fan ynternetbestellingen. Dêrneist giet 60 prosint fan de minsken mei de auto nei it wurk, en 95 prosint dêrfan sit dan allinnich yn 'e auto. Plus dat de gemiddelde ôfstân dy't wurknimmers ôflizze nei harren wurk groeit.

Ik moat tinke oan in staazje dy't ik twa libbens lyn rûn by in kantoar yn Ljouwert. Dêr sieten twa programmeurs detasjearre, foar in jier of sa. De ien wenne yn Alphen aan den Rijn en de oare yn Bilthoven. Se kamen alle dagen mei harren eigen auto nei Ljouwert. Respektyflik hast 200 kilometer en goed 150 kilometer, inkelde reis. Dizze twa makken tegearre yn ien wike 3500 kilometers. Ik frege se dêr ris nei, en doe seagen se my oan oft ik gek wie. Nee hear, leasebakken, koste harren sels neat en se lústeren wol wat nei de radio. Doe't ik oer carpoolen begûn, laken se my sels út.

It punt is fansels dat in soad minsken gjin reedlik alternatyf ha. De kommende jierren wurdt der nochris foar tûzenen kilometers oan ekstra rydstroken by makke, mar alternative wurktiden soene pas echt helpe. Of bygelyks lytsere kantoaren, mear yn 'e buert fan wêr't minsken wurkje. Ik tink ek oan al dy yndustryterreinen dêr't je mei fatsoenlik iepenbier ferfier domwei net iens komme kinne. Ja, natuerlik stappe minsken dan yn de auto. Ik sjoch dat fuortendaliks net feroarjen.

Neffens de Volkskrant docht út ûndersyk bliken dat mear asfalt automatysk ta mear ferkear, en dus mear files liedt. Dus dat jout neat. Oanlokliker iepenbier ferfier meitsje kostet ek in soad jild, mar om earlik te wêzen wat is der yn de ôfrûne tsien jier no ferbettere oan it iepenbier ferfier? Ja, in stikje spoar tusken Swol en Lelystêd, mar mear kin ik sa gau net betinke. We binne kompleet ferslave oan ús auto's en om earlik te wêzen, ek ik moat der net oan tinke om 'm fuort te dwaan. Ik brûk 'm net folle, mar as ik 'm brûk dan is dat omdat der gjin oare metoade is.

Dus, en dêr komt 'r, dan bliuwt der noch mar ien manier oer. Ien manier om mear minsken carpoolen te litten, ien manier om dochs de trein te nimmen, ien, sadat se op 'e fyts stappe, in manier wêrop't net it besit fan auto's belêste wurdt, mar just it gebrûk. Mar dy manier hat in namme, dy't as je 'm útsprekke der foar soarget dat alle politisy yn ien kear ferdwine. De oare kant op sjogge. Gau de doar útgean. Under tafels krûpe. Komt er:

Rekeningrijden.

Mar goed. Foar't dat bart, moat der earst in kompleet nije generaasje politisy komme, tink ik, en moatte we earst noch oeren en oeren fileride. Oant we der by delfalle. Want yn it tweintich pagina's tellende rapport fan Kennisinstituut voor Mobiliteitsbeleid stiet it wurd letterlik net ien kear."

(Advertinsje)
(Advertinsje)