Rjochtsaak oer sjitpartij by Thialf giet nei moannen wer fierder

De Ljouwerter rjochtbank behannelet tongersdei it sjitynsidint by it iisstadion Thialf, op 7 jannewaris ferline jier op it parkearterrein fan it stadion. Direkteur Bert Jonker fan yngenieursburo Clafis rekke dêrby ferwûne oan syn hân. De fertochte waard letter oanholden yn Spanje. Yn april fan dit jier koe de saak net fierder om't der opnij in rjochtshelpfersyk yntsjinne wurde moast yn Spanje.
© Camjo Media
Wat is der oant no ta dúdlik yn de saak oer de sjitpartij? De feiten op in rychje.
De fertochte is in 58-jierrige man sûnder wen- en ferbliuwplak mei wa't Jonker in saaklik konflikt hie. De man, dy't nei in ynternasjonale syktocht yn Spanje oppakt waard, woe mooglik ferhaal helje op dy bewuste dei. Doe't Jonker by Thialf yn syn auto stapte en fuortride woe, waard der sketten. De fertochte ûntkent dat hy it dien hat en ek syn advokaat seit dat der gjin bewiis foar is. De man hat op in eardere sitting sein, dat Jonker sels in pistoal hie en dat it by in wrakseling ôfgien is.
De fertochte mocht de rjochtsaak yn frijheid ôfwachtsje, om't hy as blaaskankerpasjint ûnder medyske behanneling stiet. Bert Jonker wennet yntusken yn Florida, dêr't hy in fêstiging fan Clafis opsette wol.