Offaloven REC yn Harns moat minder sâltsoer útstjitte

31 okt 2018 - 22:05

De provinsje hat besletten dat ôffaloven REC yn Harns minder sâltsoer útstjitte mei. GrienLinks, SP en PvdA kamen mei dat útstel yn Provinsjale Steaten en sy krigen stipe fan alle partijen.

De ôffaloven yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De sâltsoer-útstjit fan de REC sit boppe de wetlike noarm. Dat koe earst noch, omdat Omrin de wet sa útlei, dat der in fêste korreksje tapast wurde mocht op de mjitwearden fan de útstjit. Mar yntusken hat 'Platform Kwaliteit Luchtmetingen' berekkenje litten wat de goede mjitmetoade is, sadat neat mear oars útlein wurde kin.

REC moat no de goede mjitmetoaden brûke. Oare ôffalferbaarners helje de noarm foar sâltsoerútstjit maklik sûnder mjitkorreksje, sizze de trije partijen dy't it plan yntsjinne hiene.

Earder hiene ek al de Europeeske Kommisje en de steatssiktaris sein dat de fêste mjitkorreksje dy't de REC brûkt, net winslik is.

(advertinsje)