IepenUP Live kin noch in jier trochgean troch jildbydrage provinsje

It projekt IepenUP Live kin takom seizoen in ferfolch krije. Provinsjale Steaten hawwe 300.000 euro beskikber steld foar in twadde seizoen, sa waard woansdei bekend. Dêrtroch kinne yn 2019 44 live-útstjoerings makke wurde. Omrop Fryslân en Neushoorn hawwe ek al oanjûn trochgean te wollen mei IepenUP.
© Omrop Fryslân

Aktyf en iepen debatklimaat

Fraksjefoarsitter Avine Fokkens fan de VVD sei yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten hiel tefreden te wêzen mei it earste seizoen. IepenUP hie gasten dy't fan harren hearre lieten en de útstjoerings waarden streekrjocht op Facebook en op de app en online by Omrop Fryslân útstjoerd. De gearkomsten yn Neushoorn op woansdeitejûn droegen by oan in aktyf en iepen debatklimaat yn Ljouwert, seit Fokkens.
Allinnich PVV, ChristenUnie en de Fryske Frijheidspartij (Jitske Eizema) wiene tsjin it jaan fan jild foar in twadde seizoen fan IepenUP Live.
Hiphop yn IepenUP Live

Poadium foar diskusje

IepenUP Live is in wyklikse talkshow fan LF2018 en Omrop Fryslan dy't alle woansdeitejûnen live op ynternet utstjoerd wurdt. It is in poadium foar diskusje, muzyk en ferskate oare dingen om de minsken yn Fryslân mei-inoar yn petear te bringen.

Hiphop

Yn de IepenUP Live fan woansdei draaide it om de hiphop-scene yn Fryslân. Dy gie tritich jier ferlyn los yn Snits, ûnder oanfiering fan ûnder oaren Daniel Huitema. De hiphop is noch hieltyd populêr, seit Huitema, mar de muzyk hat him ûntwikkele yn ferskate streamingen.
De út Ljouwert ôfkomstige rappers KUO en Rollan hâlden it publyk foar dat it boadskip yn harren teksten it wichtichste is. En Rollan wie dêrby sels it oertsjûgende bewiis fan it feit dat ast it goed dochst en de goede toan witst te finen, datst dan ek ek út de Fryske haadstêd wei ynternasjonaal trochbrekke kinne.

Grut ferskaat yn hiphop

Neffens hiphopsaakkundige Jennifer Muntslag is it grutte ferskaat yn de hiphopmuzyk it grutte probleem yn de Nederlânske scene. "De ferskate streamingen libje no noch tefolle njonkeninoar. Se moatte mear mei-inoar gearwurkje, as de hiphop- en rapmuzyk yn Fryslân oerein bliuwe wolle.
Neffens Daniel Huitema wurdt yn Fryslân hieltyd better gearwurke mei goede resultaten. In posityf lûd dêrby is dat de nije generaasje him wat dat oanbelanget hiel iepen opstelt. Krekt Fryslân hat de kâns hiphopmuzyk lanlik op de kaart te setten.