SC Hearrenfean nei drege earste helte troch nei lêste sechstjin yn KNVB-beker

Sportklup Hearrenfean sit by de lêste sechstjin fan de KNVB-beker. De ploech fan Jan Olde Riekerink wûn woansdeitejûn mei 1-3 op besite by haadklasser Groene Ster út it Súd-Limboarchske Heerlerheide. Hearrenfean gie noch wol mei in efterstân it skoft yn, mar die it yn de twadde helte better.
Argyffoto Jan Olde Riekerink fan SC Hearrenfean © www.orange-pictures.nl
Nei't it Limboarchske en it Fryske folksliet klonken hie, koene de ploegen los. It measte balbesit en de bêste kânsen wiene logyskerwiis foar Hearrenfean, mar skoare tsjin de ploech dy't fjouwer nivo's leger spilet slagge yn de earste helte net.
Lammers kopte krekt njonken de goal fan Tim van Renselaar. De doelman fan Groene Ster seach dêrnei in skot fan Arber Zeneli op de latte einigjen. Zeneli wie nei in healoere op wei nei de 0-1, mar syn ynset waard fan de line helle.
Kânsen genôch dus, mar it wie just Groene Ster dat skoarde. Nei in mislearre frije traap fan Hearrenfean counterde thúsploech. De Fryske ferdigening seach der net goed út by in lange bal en Chefrino Eind makke de 1-0.
Ben Rienstra

Oarder op saken

Nei it skoft smiet Olde Riekerink syn team wat om, om sa oanfallender te spyljen: Mitchell van Bergen en Pelle van Amersfoort kamen deryn foar Yuki Kobayashi en Sherel Floranus. Dat die direkt fertuten: Ben Rienstra makke binnen in minút de gelykmakker.
Trije minuten letter wie Zeneli it einstasjon fan in moaie oanfal en hy sette Hearrenfean op foarsprong. Nei dy 1-2 krige Groene Ster noch ien hiel grutte kâns. Eind koe diskear Hahn net passearje.
Goed tweintich minuten foar tiid soarge Sam Lammers foar de beslissing. Dêrnei siet doelman Van Renselaar mis en skoarde Rienstra wer, mar dy goal waard ôfkard.
Pelle van Amersfoort

Twa Fryske ploegen troch

Mei de winst fan Hearrenfean sitte der no twa Fryske ploegen yn de achtste finalen. In dei earder pleatste Cambuur him al. De lotting foar de folgjende ronde is takom sneon.
Jan Olde Riekerink
Groene Ster - SC Hearrenfean: 1-3 (0-1) 40. Chefrino Eind 1-0, 46. Ben Rienstra 1-1, 49. Arber Zeneli 1-2, 69. Sam Lammers 1-3
Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Floranus (46/Van Amersfoort), Næss, Bulthuis, Pierie; Thorsby, Rienstra, Vlap; Kobayashi (46/Van Bergen), Lammers (83/Woudenberg), Zeneli