Westhoek Búttendyks wint Bildtse-Kultuurpriis 2018

31 okt 2018 - 21:25

De Bildtse-Kultuurpriis wurdt dit jier takend oan Westhoek Búttendyks, in wykein mei meardere aktiviteiten op It Bilt. De priis wurdt sûnt 1986 útrikt oan in groep of persoan dy't in bysûndere bydrage levere hat oan de kultuer op It Bilt.

Silte Liefde op it Bilt - Foto: OF

Westhoek-Búttendyks hâlde begjin septimber in wykein mei in ferskaat oan aktiviteiten, wêrûnder it iepenloftspul Silte Liefde. "Niet allenig der kwammen 'n prot mînsen op ôf, maar ok foor op alle ândere aktiviteiten waar 'n prot belangstelling", motivearret de organisaasje achter de Biltse kultuerpriis syn beslút. "Befoorbeeld foor de reüny en de eksposisy. Maar d'r waar nag feul meer te beleven. Te feul om alles hier te noemen".

De priis wurdt mids desimber útrikt oan Westhoek Búttendyks.

(advertinsje)