Hearrenfeanspilers yn foarseleksjes jeugdteams Oranje

31 okt 2018 - 21:19

Hearrenfeanspilers Sherel Floranus, Mitchell van Bergen, Trevor Doornbusch en Kik Pierie sitte yn de foarseleksjes foar ferskate jeugdteams fan Oranje.

Kik Pierie (rjochtsboppe) as oanfierder fan Oranje ûnder 19 - Foto: www.orange-pictures.nl

Floranus is de iennige spiler yn de foarseleksje fan Jong Oranje foar in oefenwedstriid tsjin Jong Dútslân. Oars sieten Michel Vlap en Sam Lammers ek faak yn de seleksje fan Erwin van de Looi. No net mear, want de coach wol bouwe oan in nij team. Dêrom nimt er ôfskied fan in "âldere" generaasje. Oft Floranus ek by de definitive seleksje sit, wurdt op 9 novimber bekend.

Doelman Doornbusch en oanfaller Van Bergen sitte yn de foarseleksje foar spilers ûnder de 20 jier. Dy ploech spilet yn novimber wedstriden tsjin de like âlde spilers út Switserlân en Italië.

En ferdigener Kik Pierie sit yn de foarseleksje foar Oranje ûnder 19. Dy ploech spilet yn novimber in fjouwerlannetoernoai yn Armenië. De tsjinstanners dêr binne it gastlân, Dútslân en Portugal.

(advertinsje)