Belgen sjogge fanwege jildproblemen ôf fan megaprojekt Waddenglas by Seisbierrum

31 okt 2018 - 21:17

De Belgyske ûndernimmersgroep The Fruit Farm Group sjocht derfan ôf om goed 50 hektare lân te keapjen foar glêstúnbou by Seisbierrum. It projekt Waddenglas liket dêrom, yn alle gefallen foarearst, net troch te gean. The Fruit Farm Group hat yn 2017 it kassebedriuw Hartman oernommen en dat hat jildproblemen opsmiten. De provinsje baalt, want sy binne eigener fan de grûn en dat wolle se no krekt net.

Kassen - Foto: Shutterstock.com

"Se wolle hiel graach foarút, mar se hawwe tsjin ús sein dat se de saken earst goed op oarder hawwe wolle", seit deputearre Sander de Rouwe. "It bedriuw hat muoite de bedriuwsfiering oer te nimmen en draaiende te krijen."

Om't The Fruit Farm Group mei dy problemen sit, wolle se op dit stuit de grûn net ôfnimme. De Rouwe: "Dat is wol spitich, want der lizze hiel goede kânsen foar in duorsume ekonomy en foar nije banen."

Noch wol fertrouwen

De Rouwe hat der noch wol fertrouwen yn dat de grûn úteinlik ferkocht wurdt, mar wit net oft dat dan oan The Fruit Farm Group is. "Wy moatte as oerheden wol betinke: hawwe we noch mear geduld? Wy hawwe al in hiel protte geduld hân, dus miskien sjogge wy ek nei oare partijen."

De Belgyske ûndernimmersgroep soe tsientallen miljoenen ynvestearje. Is it dan wol ienfâldich om dêr in oare partij foar te finen. "Dat besjogge wy de kommende wiken", seit De Rouwe. Dat docht de provinsje dan mei de gemeente Waadhoeke en it ryk. "Wy hawwe wol in positive hâlding nei it bedriuw ta. Dus it kin wêze dat it dochs noch fan de grûn komt."

Oplossing moat der komme

Ien ding is wis: der moat in oplossing komme. "Wy kinne dêr no net ûntwikkelje, en dat wolle wy wol graach", seit de deputearre. "Op it mêd fan sirkulêre ekonomy en wurkgelegenheid hie it hiel goed west as de plannen trochgien wienen."

"Boppedat wolle we dizze grûn graach ferkeapje, want eins past it ús as provinsje net om grûn yn besit te hawwen."

Deputearre Sander de Rouwe oer Waddenglas

(advertinsje)