Leeuwarder Leeuwtje foar Aldehou-rûnlieder William Lord

31 okt 2018 - 21:03

Ljouwerter William Lord hat woansdei út hannen fan loko-boargemaster Sjoerd Feitsma it Leeuwarder Leeuwtje krigen. Dat gouden spjeldsje wurdt útrikt oan persoanen of organisaasjes dy't harren fertsjinstlik makke hawwe foar de gemeente Ljouwert of de Ljouwerter mienskip.

Willam Lord mei loko-boargemaster Sjoerd Feitsma - Foto: Gemeente Ljouwert

Lord fersoarget al jierren rûnliedings op de Aldehou en koördinearret ek de ynset fan de oare 25 'toerwachters'. Sels wurdt Lord dêrom yntusken sjoen as de 'oppertoerwachter'.

Ambassadeur

Neist dat William Lord aktyf is yn de Aldehou, fersoarget er ek stedskuiers troch Ljouwert. Ek wurke er mei oan in tal boekjes oer de stêd. "Al met al is hij al jaren een van de belangrijkste en meest actieve ambassadeurs van de Friese hoofdstad", fynt de gemeente.

Earder wie Lord ek frijwilliger by fuotbalklup Blauw-Wit '34 en iishockeyclub TRIAS.

(advertinsje)