Dronryp makket definityf beswier tsjin hichte nije brêge
In wurkgroep dy't him ferset tsjin de plannen foar it ferheegjen fan de brêge yn Dronryp nimt juridyske stappen om it wurk oan de nije brêge sa gau mooglik stil te lizzen.
De wurkgroep protestearret tsjin de hichte fan de brêge oer it Van Harinxmakanaal. Dy soe net feilich wêze foar fytsers en de gemeente Waadhoeke hat net de goede proseduere folge, is de wurkgroep fan betinken.
Troch it ynskeakeljen fan de rjochter wol de wurkgroep berikke dat it wurk op koarte termyn stillein wurdt. Dêrom hat de groep in advokaat yn de earm naam.
Der binne soargen oer de fytsfeilichheid om't fytsers yn de nije plannen mei de auto's op de dyk komme en net mear op in aparte fytsstrook.
De grutste krityk fan it doarpsbelang en de wurkgroep is dat de sifers net klopje mei de plannen foar de nije brêge. De âlde brêge is 5,5 meter heech. De nije wurdt neffens de berekkeningen 6,4 meter. De wurkgroep hat sels ek berekkeningen dien. Dêr kaam út nei foaren dat de brêge hast in meter heger wurde sil.