Ald-Freulekeatser en blokjerinner wurdt foarsitter fan Stichting Freulepartij

31 okt 2018 - 20:41

Tjeerd Dijkstra is de nije foarsitter fan de Stichting De Freulepartij Wommels. Hy is de opfolger fan Johan van Tuinen, dy't in wike lyn fuortendaliks opstapte.

Tjeerd Dijkstra, doe't er earelid waard fan it KNKB - Foto: Henk Bootsma

"Ald-Wommelser Dijkstra is in bestjoerder mei jierrenlange ûnderfining", skriuwt de stichting. Dijkstra, dy't no yn Easterein wennet, hat earder yn it bestjoer fan it KNKB sitten. Hy is ek earelid fan it keatsbûn.

Ek hat er in sterke bân mei de Freulepartij yn it bysûnder, want hy hat de partij eartiids sels keatst en wie boppedat frijwilliger: as blokjerinner en tribunebouwer.

(advertinsje)