FIDEO: Hoe is it no mei filmmakker Ismaël Lotz dy't tsjin kanker fjochtet?
Filmmakker Ismaël Lotz hat kanker. Hy vlogt dêroer by RTV Noord yn Lotz Leeft. Yn maaie fan dit jier skode er oan as gast by Fryslân Hjoed om syn ferhaal te fertellen. Wy binne no in heal jier fierder. Hoe is it no mei him? Slacht de behanneling oan? Hoe sjocht syn libben der no út?