Boargemaster: "Fallisemint Barkmeijer is in skok en in ramp foar it gebiet"

De gemeente Achtkarspelen wol safolle mooglik dwaan om de wurknimmers fan de fallite skipswerf Barkmeijer yn Strobos te helpen. Dat seit boargemaster Germ Gerbrandy. Hy seach it fallisemint fan de werf net oankommen.
© Barkmeijer
"It fallisemint kaam as in grutte ferrassing", seit Gerbrandy. "We wisten wol dat it allegearre net maklik wie, fansels, mar dat de werf no fallyt is, is in skok. En in ramp foar dit gebiet."
De skipswerf hat tiisdei sels it fallisemint oanfrege. Meardere partijen hawwe harren ynteresse útsprutsen foar in mooglike oername. Dat meldt de kurator. It wurk op de werf giet foarearst gewoan troch.

Britske baggeroarder draait út op fallisemint

Barkmeijer helle begjin ferline jier noch in oarder binnen fan 70 miljoen euro foar de bou fan twa Britske baggerskippen. Dy opdracht liket no de oarsaak te wêzen fan de ûndergong fan it bedriuw. De opdrachtjouwer soe hieltyd strangere easken steld hawwe oan de bou fan de skippen. De bank hat gjin fertrouwen mear yn in goede ôfrin.
De skipswerf fan Barkmeijer bestiet al mear as 150 jier. Der wurkje tachtich minsken mei in fêste baan en santich opropkrêften. Tsientallen ûnderoannimmers binne foar de werf yn it spier.

"Gigantyske ympakt op de mienskip"

"It is in âld en deeglik bedriuw dat goed bekend stiet," seit Gerbrandy. "In hiel protte minsken út ús doarpen wurkje der. Fan de iene op de oare dei binne sy it wurk kwyt. Dat hat fansels in gigantyske ympakt op de mienskip."
De gemeente Achtkarspelen hat help oanbean oan de fallite skipswerf. Dêr is noch gjin reaksje op kaam. "Troch de hektyk," seit Gerbrandy.

Hoopje op in trochstart

De boargemaster tinkt nei oer it foarmjen fan in taskforce mei minsken fan de gemeente, fan it UWV, fan it útstjoerburo, en de bûnen. Sa wol er de wurknimmers helpe dy't no gjin baan mear hawwe. Mar hy hopet dat dat net nedich is. Hy hopet op in trochstart.
"Mei in trochstart soe in grut part fan de minsken wer wurk krije kinne. Mar oaren soene bûten de boat falle. Dy minsken moatte fansels ek holpen wurde. En dêr't de gemeente helpe kin, dogge we dat."
Hoe grut oft de kâns is op in trochstart, hat de boargemaster gjin sicht op. De kurator meldt dat er de kommende dagen petearen hat mei banken, fakbûnen en opdrachtjouwers oer in mooglike trochstart.
Kurator fan de fallite skipswerf Barkmeijer set yn op trochstart