FIDEO: In jûn fol hip-hop yn IepenUP Live

31 okt 2018 - 19:32

Woansdeitejûn stiet IepenUP yn it teken fan hip-hop. It wurdt dan ek in jûn oer strjitkultuer, dreamen en leafde foar de stêd, mar ek de kultueren dy't de artysten fertsjintwurdigje. In ferskaat oan artysten sil delkomme yn kafee De Backstage yn Ljouwert: Y'en a Marre, Zwart Licht, Rollàn, Massih Hutak, Maask, JNM, Risin' Up, KUÒ, Yung Quinny, Daniel Huitema en Latifah.

IepenUP

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
LF2018 IepenUP Hip-hop
(advertinsje)