Stress? Stikjes hier fan Lifelines-projekt wurde dêrop ûndersocht

31 okt 2018 - 19:18

Stikjes hier dy't earder al ôfknipt binne fan dielnimmers oan it grutte Lifelines-projekt, wurde brûkt by in ûndersyk fan it Erasmus Medysk Sintrum yn Rotterdam. It sikehûs wol sjen nei de ynfloed fan it stresshormoan cortisol, op oergewicht, diabetes en hertsykten.

Foto: Wikimedia Commons

Psychyske of lichaamlike stress

Cortisol wurdt oanmakke by psychyske of lichaamlike stress en komt uteinlik ek yn it hier. It Erasmus MC wol fan 59.000 Lifelines-dielnimmers de stikjes hier ûndersykje en dan sjen oft der in relaasje is mei sykten dy't dy dielnimmers krigen hawwe. It duorret noch wol efkes foardat de earste konklúzjes lutsen wurde kinne. Dat is net earder as yn it jier 2020.

Gemysk ûndersyk kin oanwêzichheid Cortisol oantoane

Lifelines sammelet sûnt 2006 lichemsmateriaal en data fan 167.000 dielnimmers yn Noard-Nederlân. De hierlokjes binne yn 2014 sammele en yn in aparte slúf dien. Dy is by in konstante temperatuer fan 20 graden bewarre. De earste trije sintimeter fan it hier wurdt ferwurke troch de ôfdieling Klinische Chemie yn it Erasmus MC. In spesjaal apparaat mjit it cortisol, neidat de stresshormoanen út it jier frijmakke binne yn in alkoholeftige floeistof.

Om de fiif jier jier stean Lifelines-dielnimmers lichemsmaterialen ôf en dogge sy in tal mjittingen, lykas it mjitten fan de bloeddruk en it meitsjen fan in hertfilmke. Yn 2017 is de twadde ûndersyksrûnte ôfsletten, ein takom jier begjint Lifelines mei de tredde rûnte.

(advertinsje)