Marwin Talsma is bliid dat er diel útmakket fan de nije ploech fan Ireen Wüst

31 okt 2018 - 19:01

It reedrydseizoen begjint kommend wykein echt mei it kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Der hawwe nochal wat wikselingen west en der binne nije ploegen bykaam. Dêrom litte we jimme yn de oanrin nei it kommende seizoen alle dagen yn 'e kunde komme mei ien fan de Fryske reedriders. Dit kear Marwin Talsma fan Grou.

Marwin, sa dûkst ynienen op yn dizze nije reedridersploech. Hoe kin dat sa?

"Ik haw ferline jier de oerstap makke fan de ploech fan Jillert Anema nei de KNSB. En doe kaam der in sponsor dy't perfekt is en dêrnei is it in moai ferhaal wurden."

Do sietst by de ploech fan Jillert Anema. Wêrom is dat ophâlden?

"Ik haw in hiel skoft neat heard. Hiel spitich. Ik haw in kear mei Jillert belle, mar it wie in faach ferhaal. Op in bepaald stuit hearde ik neat mear. Doe haw ik frege wêr't ik hinne koe. Doe koe ik by de KNSB komme en no bin ik hjir en dat is perfekt."

Dit nije team strielet in protte ambysje út. Dat moat foar in topsporter hearlik wêze.

"Ja, dat is perfekt. Wy binne topsporters. Wy wolle de heechste prestaasjes helje en de grutste prestaasjes leverje. Dat kinne we mei dizze ploech berikke."

Do hast al ris oanjûn datst de earstkommende Olympyske Spelen helje wolst. Dat is yn 2022. Wat binne dyn doelen op koartere termyn?

"Kommend wykein is it World Cup kwalifikaasjetoernoai. Dêr wol ik wat prestearje. By de earste fiif komme, sadat ik my foar de World Cup pleats. Dat hoopje ik te heljen."

Toe mar! De latte leit heech!

"Ja, de latte leit altyd heech. Wy hawwe genôch yn de ploech dy't it helje sille. En fan Ireen Wüst kin ik in protte leare. Dy hat de ûnderfining fan tsien oaren. Dat sil ik absorbearje."

Do hast der wol sin oan.

"Jawis. Wy geane der foar."

Foto: Omrop Fryslân

Team TalentNED bestiet út de folgjende Fryske reedriders:

  • Ireen Wüst
  • Marwin Talsma

Oare riders yn it team binne:

  • Esmee Visser
  • Marcel Bosker
  • Lotte van Beek
  • Jos de Vos
  • Louis Hollaar
Trefwurden: 
reedriden Marwin Talsma
(advertinsje)