Wikenlang einfeest LF2018 wol gefoel iepeningsfeest weromhelje

31 okt 2018 - 18:44

Festivalmoanne novimber wurdt de grutte ôfsluter fan it jier fan Ljouwert Fryslân 2018. De trije grutte festivals, It Noordelijk Filmfestival, it Luna Lichtfestival en Explore the North binne de trije pylders dêr't it einfeest om draait. Dêrnjonken wurde oeral yn de stêd en yn de provinsje tal fan oare aktiviteiten organisearre. It doel is om in nije kant fan Fryslân sjen te litten.

Ien fan dy oare kanten fan Fryslân is te sjen yn de Oosterstrjitte yn Ljouwert. Dizze strjitte sil omtovere wurde ta Eritreä-town. In plak dêr't de Eritreeske mienskip dy't dêr wennet har sjen litte wol. Mar net allinnich Ljouwert sil genietsje fan de festivalsfear. It is de bedoeling dat der yn de folsleine provinsje aktiviteiten binne. Ljouwert is lykwols wol it festivalhert yn novimber.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Gjin grut mar al in lang einfeest

De organisaasje hat yn de tarieding drok dwaande west mei de fraach oer hoe't se dit jier ôfslute wolle. De konklúzje wie: wy moatte deselde sfear kreëarje as dy't wy op de earste jûn en yn de rest fan it jier yn Ljouwert hiene.

Immie Jonkman is lid fan it artistike team fan LF2018, en leit út wat dêr krekt mei bedoeld wurdt: "Bygelyks dat gefoel fan it iepeningswykein, dêr sykje wy nei. Dat begûn op de freeds mei Ferhalen 2018, Winterjûnenocht fan Tryater. Oeral yn de provinsje wie it doe drok. Minsken harken nei inoars ferhalen. Op strjitte gûnze it."

Sjoerd Bootsma, dy't ek yn it artistike team sit, oer de lange ôfsluter yn novimber: "Zo willen we de samenwerkingen laten zien die er ontstaan zijn. En ook willen we de andere kant van Fryslân laten zien."

Bootsma doelt op de iepeningsjûn dy't live op lanlike telefyzje útstjoerd waard. De filmkes yn dizze útstjoering koene op in soad krityk rekkenje. "In de opgenomen fragmenten kwamen veel clichés langs, zoals de Elfstedentocht en it fierljeppen. Niets mis mee uiteraard, maar wij zijn meer dan dat", seit Bootsma. En dus wurdt yn novimber by de ReOpening (sa as it einfeest hjit) ynset op jong talint.

Foto: Omrop Fryslân

Gjin Beyoncé

Jonge keunstners en artysten út eigen regio en út binnen- en bûtenlân krije de kâns sjen te litten wat se kinne. "En dat niet alleen, we willen ook de innovatieve kant van de Friezen laten zien."

Dit alles betsjut dat der gjin grut einfeest komt. Jonkman: "Nee, der komt gjin optreden fan Beyoncé op it Aldehoustertsjerkhôf. Wy tinke ek net dat soks past by it jier sa't we dat belibbe hawwe. Dit past better sjoen alles wat der yn de provinsje dien is."

Boppedat, follet Sjoerd Bootsma oan: "We hebben afgesproken dat er geen vuurwerkmoment komt. Dat is slecht voor het milieu en vinden wij ook niet passend."

Ek op oare plakken yn Fryslân, lykas De Gordyk, binne foarstellingen. Yn it doarp wurdt de foarstelling Samson & Dalila fan Albert Bonnema opfierd. Under de toer rint ek noch en ek yn de Keunstmoanne op It Amelân is in soad omtinken foar LF2018.

In soad fan de aktiviteiten binne fergees. It Luna Lichtfestival en ek tal fan oare aktiviteiten yn novimber binne frij tagonklik.

Wat binne jimme dreamen en winsken foar 2028? Wêr moat Fryslân dan stean?

De fragen dy't de organisaasje fan LF2018 freget oan de Friezen
Foto: Omrop Fryslân

Opdracht

It einfeest moat dan ek de weriepening wurde, de Re-Opening op syn Ingelsk. Jonkman: "Doe 't wy begûn binne hawwe wy de Friezen frege wat se yn 2018 ferwachtsje. Dy fraach stelle wy no wer allinnich dan: Wat binne jimme dreamen en winsken foar 2028? Wêr moat Fryslân dan stean? Al dy winsken wurde bondele en ferwurke yn in keunstwurk fan Henk Hofstra." Dat moat foar de organisaasje fan Ljouwert Fryslân 2018 de nije start wurde.

Bootsma: "We zijn nog lang niet klaar. We zijn nog maar net begonnen. Kijk, als ik de buurman help zijn tuin mooi te maken en wij maken samen de straat mooi dan eindig je met een mooi dorp. Ga je verder dan hebben we een prachtige provincie die we samen mooi hebben gemaakt. Dan zitten we op een plek waar je fantastisch kunt wonen en werken. Het is een opdracht aan onszelf."

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema
(advertinsje)