Eardere foarsitter Omrop Fryslân Bartus Hof ferstoarn

De eardere omrop-foarsitter Bartus Hof is yn de âldens fan 87 jier ferstoarn. Dat hat syn famylje bekend makke. Hof waard yn 1987 foarsitter fan Radio Fryslân. In jier letter waard er de earste foarsitter fan de selsstannige Stichting Omrop Fryslân. Dat bleau er oant 1997.
Hof spile yn dy tiid in wichtige rol by de ûntwikkeling fan de Fryske telefyzje. Hof wie yn it deistich libben jierrenlang direkteur fan de CAF.