Fakbûnleden jouwe grien ljocht foar nije plysje-cao

31 okt 2018 - 17:23

De efterban fan de plysjefakbûnen stypje de foarstelde nije cao, dy't ta stân kommen is nei ûnderhannelingen tusken de bûnen en justysjeminister Ferd Grapperhaus.

In plysjeman en justysjeminister Ferd Grapperhaus - Foto: ANP

De leden fan de fjouwer fakbûnen (ACP, NPB, ANPV en VMPH) koene de ôfrûne wiken litte witte oft se it iens wiene mei it prinsipe-akkoart of net. Goed 61 persint dy't stimd hat, wie foar. Dat fertelden de bûnen woansdei.

It grien ljocht hâldt yn dat de plysje der goed acht persint lean by kriget yn de kommende trije jier. Dêrnjonken krije se dit jier en takom jier in útkearing fan 400 euro bruto. Ek wurde der mear minsken oannommen, om de wurkdruk te ferleegjen. Plysjes krije boppedat mear sizzenskip oer harren roaster.

Plysje fierde aksje

Omdat it lang duorre foardat der in akkoart wie, fierde de plysje ferskate kearen aksje. Yn Fryslân skreaunen plysjes minder bekeurings út en se dielden minder berjochten op social media.

Trefwurden: 
plysje plysje-cao
(advertinsje)