Ofskied mei grypprik en slokje, dokter Pepy Huisman hâldt dermei op

31 okt 2018 - 17:12

Pasjinten en bekenden fierden woansdei it ôfskied fan in bysûndere húsdokter. Pepy Huisman hâldt nei 35 jier op mei syn praktyk yn Boalsert. Dat gie op in wize, dy't de man eigen is: mei in grypfaksinaasje ûnder it genot fan in Bearenburchje. By it ôfskie wienen nei skatting hûnderten minsken. De húsdokter hat fan mear as tûzen minsken harren húsdokter west.

Pepy Huisman is de soan fan de ferneamde Fryske skilder Jopie Huisman. By syn ôfskie krige de húsdokter in gedicht en skilderij oanbean mei mooglik makke troch Christiaan Kuitwaard en dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga. Dat waard dien yn in grôtfolle De Sint-Franciscustsjerke.

Pepy Huisman sjocht werom op 35 jier tsjinst as húsdokter

Pepy Huisman op it plak wêr't minsken de grypprik krije en in slok bearenburch

(advertinsje)