Sus en heit Tjeerd van Seggeren oproppen as tsjûgen yn moardsaak

31 okt 2018 - 17:11

Famyljeleden fan Tjeerd van Seggeren dy't ferline jier yn De Westereen ombrocht is, sille heard wurde as tsjûge. Dat hat de rjochtbank woansdei op in rezjysitting bepaald. It giet om in sus en de heit fan it slachtoffer. De heit sil ûnder oare heard wurde oer de syktocht op 9 july 2017, nei de nacht dat syn soan ferdwûn. Hy socht tegearre mei syn skoandochter dy't fertocht wurdt fan moard op de 37-jierrige Van Seggeren.

Foto: De Vries Media

Ek soe der in rekonstruksje komme moatte op it plak dêr't it slachtoffer fûn is, sa fynt advokaat Brian de Pree fan de widdo. Dit jier hat der al in saneamde skou west yn De Westereen, mar de advokaat wol safolle mooglik senario's besjen. De rjochtbank sjocht de needsaak fan sa'n rekonstruksje net. Ek it Iepenbier Ministearje wol gjin rekonstruksje. "Dan wordt het een groot spektakel met allerlei variabelen", sei offisier fan Justysje Henk Mous.

DNA nochris ûndersykje

Wol lit de rjochtbank it DNA op it lichem fan it slachtoffer nochris ûndersykje op hoe en wannear't dat der krekt op kommen is. "Is dat gebeurd op de ochtend van de bewuste dag of op de plaats delict", sa freget de rjochtbank him ôf. Yntusken hat it NFI de fervedieltsjes ûndersocht dy't oantroffen binne op de holle fan it slachtoffer en de auto fan de fertochte. Se komme oerien, mar it is net fêst te stellen oft se fan deselde boarne ôfkomstich binne.

Foarearst net frij

De widdo fan Tjeerd van Seggeren sit sûnt desimber fêst op fertinking fan moard op har man. Har advokaat frege de rjochtbank om har frij te litten, sadat se har proses yn frijheid ôfwachtsje kin. De rjochtbank bepaalde woansdei lykwols dat de frou foarearst net frijkomt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)