Steatefraksje CDA wol opheldering oer lette ûntheffing Strontrace

It CDA yn Provinsjale Steaten wol opheldering fan it kolleezje fan Deputearre Steaten oer de ûntheffing foar de Strontrace yn Warkum, fan ferline wike. De ûntheffing foar de fiskerij waard pas trije dagen foar de start ferliend. Neffens it CDA soarge dat foar in protte ûnrêst by de organisaasje en de dielnimmers, omdat oant it lêste momint net dúdlik wie oft de Strontrace trochgean koe.
Strontrace © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De fraksje wol no fan de provinsje witte hoe't it kin dat de ûntheffing sa let kaam, wylst de organisaasje oan alle easken foldie. It CDA freget him ek ôf oft de provinsje de organisaasje helpe kin, om de oanfraach yn Den Haag soepeler ferrinne te litten.