Harnzer Joël de Jong nominearre foar 'Para Atleet fan it jier 2018'

Hurddraver Joël de Jong fan Harns is troch de Atletiekunie nominearre foar de titel 'Para Atleet fan it jier 2018'. Joël hat troch kanker in part fan syn skonk ferlern. Hy draaft mei in proteze en hat al ferskate prizen wûn en rekôrs brutsen.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Ofrûne jier hat Joël syn eigen twa Nederlânske rekôrs ferbettere. Ek helle hy brûns op it EK yn Berlijn op de 100 meter. Op datselde EK helle hy boppedat in tredde plak mei de estafetteploech. Hy hat as doel om mei te dwaan oan de Paralympyske Spelen.

Grutsk

Joël de Jong is tige grutsk op de nominaasje. Hy hopet no safolle mooglik stimmen te sammeljen. Dêrtroch kin hy op in shortlist komme. Dêrút sil in faksjuery de winner kieze. Der binne ek tolve oare sporters nominearre foar de priis.
Stimme kin oant en mei 16 novimber op de webside fan de Atletiekunie.