Fiifde boek Rens Kroes giet fierder as superfood: "Ik wol minsken ynspirearje"

31 okt 2018 - 15:42

It is woansdei in spannende dei foar foodblogster Rens Kroes. Se is al in hiel skoft mear as allinnich mar it 'suske fan'. Se hat benammen online en op social media in grutte groep trouwe folgers opskarrele, en is yntusken alwer ta oan har fiifde boek. Rens: My Lifestyle Guide hjit it boek dat tongersdei útkomt.

Foto: ANP

Stilte foar de stoarm

Kroes wennet tsjintwurdich yn New York. Se genietet no fan in koart momintsje rêst yn har drokke bestean. "It is in bytsje de stilte foar de stoarm. It is no drok mei tariedings foar de útjefte."

It is it fiifde boek fan de Kroes dat oer har hiele lifestyle giet. "It giet oer positiviteit, oer hoe'tst ûntspanne kinst, oer iten en oer beauty." Ek komt de ynrjochting fan it hûs en it goed hâlden fan de ierde oan bod yn it boek.

It wie net maklik, want ik bin gjin skriuwer.

Rens Kroes

Hoewol't Kroes al fjouwer boeken útbrocht hat, wie dizze nije titel dochs wol in hiele put. "It wie net hiel maklik, om't ik gjin skriuwer bin." Al har oare boeken binne itensiedersboeken. "Ik hie al in skoft yn de holle dat ik dit dwaan woe, om't ik no benammen sjoen waard as immen dy't allinnich mar dwaande is mei superfoods, wylst ik it wichtich fyn dat minsken myn hiele filosofy kennen leare."

"Ik hoopje echt dat minsken it moai fine. Ik haw fansels gjin idee nei al dy itensiedersboeken. Ik wit net oft minsken der behoefte oan hawwe." Rens hat yn it foar minsken yn har omjouwing frege oft se it boek sitten seagen, mar se fynt it dochs noch wol spannend dat it no ek echt útkomt.

Rens Kroes sil har boek ek noch sinjearje. Dat sil takom wike heve yn Ljouwert en op It Hearrenfean.

Rens Kroes

Trefwurden: 
Rens Kroes blogger
(advertinsje)