Grutte Aldi en sinnepark op terrein De Centrale yn Ljouwert

31 okt 2018 - 15:07

It Winkelpark De Centrale yn Ljouwert wurdt de kommende pear jier mei 10.000 kante meter útwreide. Sportsaak Decathlon wurdt grutter en supermerkketen Aldi wol der in winkel fan 1.800 kante meter bouwe. Dit alles stiet yn de plannen dy't projektûntwikkeler KB Wonen nei de gemeenteried stjoerd hat.

Artistike ympresje fan it winkelsintrum - Foto: KB Wonen

De útwreiding moat De Centrale in oansjoch jaan fan in modern winkelsintrum. Op in part fan de nijbou komt in parkeargaraazje foar in lytse 700 auto's. Op de oare dakken wurdt in sinnepark oanlein dat 1 megawatt oan fermogen opbringe moat. Winkels sa as de Mediamarkt wurde dêrmei foarsjoen fan duorsume enerzjy.

Grutte supermerk by De Centrale

In belangryk plak yn de nijbou is foar supermerk Aldi. Dy sit no noch oan it Cambuurplein yn Ljouwert mar wol de nijste winkelformule útrôlje by De Centrale. De nije fêstiging moat de konkurrinsje oangean mei de grutte Lidl oan de súdkant fan Ljouwert en de Albert Heijn XL yn de stêd.

Artistike ympresje fan it winkelsintrum - Foto: KB Wonen

Neffens de direksje fan it winkelpark is in grutte supermerk dêr gjin bedriging foar it winkeloanbod yn de binnenstêd. Yn it bestimmingsplan is al regele dat der mear romte is foar winkels. De direksje trunet der fierder op oan dat de gemeenteried oeral yn de stêd deselde regels oanhâldt.

Dêrmei wurdt doeld op de plannen dy't der lizze foar de ûntwikkeling fan it nije Cambuurstadion yn it WTC-gebiet. Dêr moat ek in grutte supermerk komme. Neffens de direksje moat it iene projekt net de foarkar krije boppe it oare. Benammen om't de belangen yn it WTC-gebiet foar de gemeente miskien wol grutter binne as op it plak fan De Centrale.

"Hoareka past goed by sa'n winkelgebiet"

Der moat ek romte komme foar grutskalige hoareka op it terrein. Dat past allinnich no net yn it bestimmingsplan. Dochs fynt de direksje dat sa'n funksje wol goed passe soe by in goed winkelklimaat. De skeppe foar de útwreiding moat takom wike de grûn yn.

Yn 2020 moat De Centrale klear wêze.

Trefwurden: 
De Centrale Aldi KB Wonen
(advertinsje)