Antonius Soarchgroep docht formeel oanbod om diel IJsselmeerziekenhuizen oer te nimmen

Antonius Soarchgroep hat de kurator fan de fallite MC IJsselmeerziekenhuizen en de soarchfersekerders in oanbod dien om de medysk-spesjalistyske soarch yn de Noardeastpolder en op Urk oer te nimmen. De soarchgroep wol in plan mei de kurator en de soarchfersekerders besprekke oer de soarch foar de minsken yn dy regio. In wike lyn hie Antonius de plannen al, mar no is it oanbod ek formeel yntsjinne.
© Omrop Fryslân
De Antonius Soarchgroep hat al in fêstiging yn Emmeloord mei polyklinyske soarch en deibehannelingen. Dit nije plan soe in stap fierder gean. De spoedpost soe dan útwreide wurde, sadat se pasjinten helpe kinne dy't earst by de fallite sikehuzen sieten. Dat fertelt Marcel Kuin, de foarsitter fan de ried fan bestjoer fan Antonius Soarchgroep. "Daarvoor kan het nodig zijn dat we vanuit een nieuwe locatie in Emmeloord gaan werken."
Earder waard al dúdlik dat de Antonius Soarchgroep oerwaget om de nijbou fan de fêstiging yn Emmeloord nei foaren te heljen.

Meiwurkers en artsen

De Antonius Soarchgroep wol ek mei de kurator fan de IJsselmeerziekenhuizen beprate wat der mooglik is foar de meiwurkers en dokters fan de MC Groep, dêr't de IJsselmeerziekenhuizen ûnder falle.

Ferloskunde op Urk

Ut de earste petearen fan de Antonius Soarchgroep mei húsdokters en ferloskundigen hat bliken dien dat benammen de akute ferloskunde op Urk in probleem is. Dêrom komt de soarchgroep mei it útstel om dat oan te bieden op deselde wize sa't se dat op de Waadeilannen dogge: mei helikopterflechten.