Stuntpiloaten fan crash by Bitgum koene inoar net sjen

31 okt 2018 - 14:32

De piloaten fan de twa Switserske stuntfleantugen dy't yn 2016 boppe Ljouwert opinoar botsten, koene inoar ûnder de manoeuvre net sjen. De tastellen fleagen yn in helling, fan inoar ôfdraaid. Dat seit de Undersyksried foar Feiligens.

Foto: HVnieuws

De fleantugen wiene oan it oefenjen foar de loftmachtdagen fan Definsje, in pear dagen letter op de fleanbasis by Ljouwert. Nei de botsing wie ien fan de tastellen net langer te bestjoeren en stoarte del by Bitgum. De piloat koe himsels rêde mei de sjitstoel, mar bedarre mei syn parasjute yn in kas en rekke lichtferwûne.

Neffens de ûndersyksried bestie it Switserske team út piloaten mei in soad ûnderfining. Se trainden net allinnich mei de stuntfleantugen, mar ek mei oare type fleantugen.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma fan Omrop Fryslân hat it rapport lêzen:

"Der wiene seis fleantugen yn de formaasje. Neidat se in manoeuvre makke hiene, kamen se wer byninoar yn formaasje. Tastel 1 wie út posysje en moast in oanpassing dwaan om wer op syn plak te kommen. Tastel 2 makke in manoeuvre om ek wer op it goede plak yn de formaasje te kommen."

"De piloaten fan beide fleantugen hawwe inoar net sjoen en de tastellen kamen mei-inoar yn botsing. De fleugel fan tastel 2 giet dwers troch it rjochter hichteroer hinne fan tastel 1 hinne. Tastel 2 wie doe ûnbestjoerber en stoarte del. De piloat koe himsels yn feiligens bringe mei de sjitstoel en de oare fleantugen koene feilich lânje."

Te min oefene

"De ûndersyksried oardielet net oer it feit is oft der sprake is fan skuld. Ut it rapport docht bliken dat der krekt te min oefene is Beheinde trainingsflechten en gjin goede prosedueres hawwe mooglik in rol spile by it ûngelok."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer it ûndersyk nei de crash

Trefwurden: 
Bitgum fleantúch crash
(advertinsje)