Spesjaal belteam om frijwilligers te finen foar De Rolpeal yn Warkum

31 okt 2018 - 14:19

Der wurdt op dit stuit noch hurd wurke oan it nije sportsintrum De Rolpeal yn Warkum, mar se binne no al op syk nei frijwilligers. In spesjaal belteam sil fan 6 novimber ôf besykje sa folle minsken as mooglik te ynteressearjen foar wurk as frijwilliger.

Foto: Omrop Fryslân

In wurkgroep hat dêrfoar in frijwilligersbeliedsplan opsteld. Sa is dúdlik wêrfoar't de frijwilligers nedich binne en wat dy krekt dwaan moatte. It giet ûnder oare om frijwilligers foar behear, resepsje en hoareka.

Der is yn de polityk lang praat oer it nije sportsintrum oan de Weverswei, dêr't in sporthal mei swimbad en sportfjilden komt. De kosten binne hast 7 miljoen euro.

(advertinsje)