Eigener Arriva ûndersiket ferkeap fan ferfiersbedriuw

It Dútske spoarbedriuw Deutsche Bahn ûndersiket de ferkeap fan it Britske iepenbier ferfiersbedriuw Arriva. De Nederlânske ôfdieling fan Arriva hat it haadkantoar op It Hearrenfean.
Treinperron yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Deutsche Bahn naam Arriva yn 2010 oer. Ferkeap no soe tusken de 3,5 en 4 miljard euro opsmite moatte. Sakebanken soene neffens Dútske media dwaande wêze om by mooglike keapers te ûndersykjen as dy belangstelling hawwe om Arriva oer te nimmen. Der soe ek sjoen wurde nei mooglikheden om Arriva nei de beurs te bringen. Earder waarden plannen foar in beursgong skrast, dat kaam benammen troch de Brexit.