Hoe moat it fierder mei Kulturele Haadstêd nei 2018?

In mearderheid yn Provinsjale Steaten wol sawol yn 2019 as yn 2020 twa miljoen euro yn 't jier beskikber stelle, om ek nei it Europeeske kulturele haadstêdjier 2018 de kultuer yn Fryslân op de kaart te hâlden. It kolleezje fan Deputearre Steaten hat allinne foar 2019 twa miljoen euro útlutsen, mar de partijen PvdA, CDA, VVD, ChristenUnie, Partij voor de Dieren en D66 wolle ek foar 2020 dat bedrach jaan.
Sietske Poepjes
In mearderheid yn de Steaten is ek te finen foar it jaan fan in heal miljoen euro oan marketing fan 2019 ôf. Yn Provinsjale Steaten wurdt woansdei praat oer in plan fan deputearre Sietske Poepjes oer hoe't it nei dit jier mei de kultuer moat. It provinsjale jild is bedoeld om in nij programmabedriuw op te setten, dat relevante programma's ûntwikkelje sil.
Oare partijen, sa as de gemeente Ljouwert, wurde ek achte jild beskikber te stellen. Deputearre Poepjes wol yn 2019 graach troch mei Lân fan taal, Under de Toer en Sense of Place.
Ut it kulturele fjild wei is al in lobby geande om mear jild foar de saneamde 'legacy' fan LF2018. Douwe Zeldenrust fan Keunstwurk en Kris Callens fan it Fries Museum ha Provinsjale Steaten al frege om in bydrage fan 10 miljoen euro foar de kommende twa jier, 5 miljoen yn 2019 en 5 miljoen euro yn 2020.