Neakene man mei brânslang yn it spier

In neakene man hat woansdeitemoarn betiid foar oerlêst soarge yn in hotel oan it Europaplein yn Ljouwert.
Brânwachtauto © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De helptsjinsten waarden om tsjin seis oere moarns oproppen om't in brânslang iepen set wie. Doe't de brânwacht by it hotel oankaam troffen se dêr in neakene man oan, dy't ek fernielingen oanrjochte hie by in reekmelder en in slot.
De man wie betize en besocht de brânwachtminsken te bespuien. Hy is oanhâlden troch de plysje, dy't him dêrby ek in flybmasker opset hat. De plysje wit noch net wa't de man is, of wêrom't er die wat er die.