VVD Eaststellingwerf: net te hurd mei ferbetterjen fytspaden

31 okt 2018 - 12:06

Rêstich oan mei de oanlis fan nije en it ferbetterjen fan besteande fytspaden yn Eaststellingwerf. Dat fûn alteast de VVD-fraksje yn de gemeenteried tiisdeitejûn. De fraksje is bang dat der foar de gemeente allerhande kosten by komme, wylst Eaststellingwerf krap by kas sit.

Fytspaad - Foto: Shutterstock.com

De fraksje krige woansdeitejûn gjin meistanners. De rest fan de gemeenteried fynt de rekreative útstrieling fan de fytspaden fierstente belangryk om der op te besunigjen. De VVD krige it ferwyt it toerisme de nekke omdraaie te wollen.

(advertinsje)