Ljouwerters mei bystânsútkearing krije boanus foar dieltiidwurk

Foar Ljouwerters yn de bystân wurdt it oantreklik om dieltiidwurk oan te nimmen. Se krije fan de gemeente in preemje fan acht persint as se sa oan de slach gean.
Beurs © Shutterstock.com
No is it sa dat alles wat minsken mei in bystânsútkearing fertsjinje, ynhâlden wurdt fan de útkearing. As minsken yn dieltiid wurkje, smyt dat foar harren neat op. Se komme net boppe de grins fan de útkearing út. Troch twa kear yn 't jier de boanus te jaan, hopet de gemeente mear minsken oan it wurk te krijen, seit wethâlder Hilde Tjeerdema. "We sjogge dat dit wurket yn de gemeente Smellingerlân. Minsken nimme dêr dieltiidwurk oan."
Neffens Tjeerdema kostet de maatregel neat. "As je yn dieltiid wurkje, wurde de fertsjinsten ferrekkene mei de útkearing. Mar just oer it bedrach dat koarte wurdt, krije je de boanus. Dan hâlde je mear oer en hat it ek finansjeel foardiel om oan it wurk te gean."