It stillizzen fan de REC is noch gjin opsje foar de Provinsje

31 okt 2018 - 11:29

De provinsje hat net oerwage de reststoffenenerzjysintrale (REC) yn Harns stil te lizzen, nei't der op 6 oktober wer in steuring mei kapotte stoomliedings west hat. Dat seit deputearre Michiel Schrier yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten nei fragen fan de PVV oer dy steuring.

De yngong fan de REC - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Schrier fynt it stillizzen in hiel swier middel. Omrin mei maksimaal 60 oeren yn 't jier steurings hawwe, seit er. Dêr sit de ôffalferwurker op it stuit noch ûnder. Ek as der út mjittings bliken docht dat er gjin risiko foar de folkssûnens west hat, hoecht de REC net stillein te wurden, sa sei Schrier.

Wol hat Schrier mei Omrin ôfpraat dat de befolking tenei altyd ynformearre wurdt, ek al is der sprake fan in lytse brân. Der wie yn Harns nei 6 oktober in soad krityk op Omrin. De kommunikaasje fan it bedriuw hat net goed west, konkludearre ek boargemaster Roel Sluiter fan Harns. Der wie stankoerlêst yn de buert. Ynwenners fan Harns hawwe in stille tocht rûn en yn de gemeenteried fan Harns wie der in ekstra gearkomste.

(advertinsje)