Kurator fan de fallite skipswerf Barkmeijer set yn op trochstart

31 okt 2018 - 11:24

Der wurdt wurke oan in trochstart fan de fallite skipswerf Barkmeijer yn Strobos. Dat seit kurator Marco Kalmijn. Neffens him is in trochstart it bêste foar alle belutsen partijen: de meiwurkers, de skuldeaskers en de opdrachtjouwers.

Kurator Marco Kalmijn

Der hawwe harren al twa lanlike ynvestearringspartijen melden foar in trochstart. Ek it oernimmen fan projekten dy't no op de skipswerf rinne is in opsje foar dizze partijen. Mar foar Kalmijn hat in trochstart prioriteit. De kurator hat de kommende dagen petearen mei de banken, de fakbûnen en de opdrachtjouwers.

By de 167 jier âlde werf wurkje 80 minsken mei in fêste baan en 70 opropkrêften. Dêrnjonken binne der tsientallen ûnderoannimmers dy't foar de werf wurkje. Kurator Kalmijn hat woansdeitemoarn betiid mei de meiwurkers praat. Neffens him giet it om in bedriuw mei in soad fakkrêften. Hy hat it oer ''in rêstich bedriuw mei in moaie ploech minsken.''

(advertinsje)