Deputearre: "De Friesland wol net sintralisearje"

Der is gjin sprake fan dat soarchfersekerder De Friesland medysk spesjalistyske soarch konsintrearje wol yn it MCL yn Ljouwert en it UMCG yn Grins. Ek de funksjes fan de oare sikehûzen yn Fryslân wurde net útklaaid. Dat sei deputearre Michiel Schrier woansdei yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten.
Sikehûs MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De FNP hie fragen steld, omdat de partij noed hie oer de soarch yn Fryslân. Schrier seit dat de FNP him basearret op in earder rapport fan De Friesland, dat no net mear oan de oarder is.
De sikehûzen en soarchsintra hawwe in konvenant mei De Friesland tekene wêryn't besocht wurdt sa folle mooglik spesjalismen yn de soarch yn stân te hâlden. Neffens Schrier is it wol mooglik dat dy spesjalismen ferpraat wurde oer de Fryske sikehûzen. Dat moat om't der beheinde finansjele middels binne.
Schrier seit ek dat De Friesland oanjûn hat de plannen útlizze te wollen oan Provinsjale Steaten.